23-30 maart: Easter Seminar “winging the shoes” yn Opole, Poalen

Fan 23 oant 30 maart is der de Easter Seminar “Winging the Shoes” yn Opole, Poalen.

Opole leit tusken Wroclaw en Krakow yn en is it sintrum fan ‘e Dútske minderheid yn Poalen.
Yn ‘e seminar sille der workshops holden wurde dy’t brûkt wurde kinne troch de minority messengers. Sa binne der workshops oer presintearjen, ynterkulturele kommunikaasje en hoe’tst dyn eigen workshops opsette kinst.
Boppedat stiet der in ekskurzje pland nei in Dútske kriichfinzenis en in rûnlieding troch Wroclaw.

Wolst mei of mear ynformaasje? Opjaan kin oant en mei 24 febrewaris
Mail dan nei foarsitter@fyk.nl

 

21-23 febrewaris: Biikebrennen yn Noardfryslân

Hast sin om te fjoerkestoken? Dat kin!
It FYK sil yn gearwurking mei de NHL dosinte-oplieding Frysk fan woansdei 21 febrewaris oant en mei freed 23 febrewaris nei Noardfryslân ôfreizgje omdat der dan it Biikebrennen is.

Mei it Biikebrennen wurdt der mei in grut fjoer de winter troch de Noardfriezen ôfsletten op 21 febrewaris. Der sille ek ekskurzjes wêze nei in trijetalige skoalle (Noardfrysk, Dútsk en Deensk) en Friedrichstadt.

De yndieling sil dan ûngefear sa wêze:
21 febrewaris: reis nei Noardfryslân mei de auto & biikebrennen
22 febrewaris: ekskurzjedei
23 febrewaris: weromreis

Der sil slept wurde yn ‘e sporthal fan de trijetalige skoalle, dat nim sliepspul mei.
De kosten fan it gehiel sille om en-de-by € 70,- wêze.

Wolst mear witte of dy opjaan?
Sjoer dan in e-mail nei: foarsitter@fyk.nl

opjaan kin oant 25 jannewaris

11-18 febrewaris: Kick-off “message in the bottle” yn Switserlân

It YENjier sil iepenje mei de Kick-off fan 11-18 febrewaris! Dat sil heve by ús grutte maten, de Reto-Romanen yn Switserlân. Dat hâldt yn: bergen, snie, Switserske tsiis, Rumantsch en…. Workshops!
Jahaaa, want in YENevenemint kin dêr net sûnder. Dit jier sil alles yn it teken stean fan ‘Minority Messengers’ om sa it minderhedenetwurk grutter te meitsjen. De workshops fan ‘e Kick-off binne dêrom taspitst op de takomstige Minority Messengers!

Fierders sil der in ekskurzje wêze nei Chur om dêr ûnder oaren nei it lokale tv- & radiostasjon te gean. Der is nammentlik op it stuit in soad te sprekken mei in referindum en de mooglike opheffing fan de Rumantsche stjoerders. Neist Chur stiet der ek in aktiviteit yn ‘e snie pland!

Wolst mear witte of dy opjaan?
Sjoer dan in e-mail nei: foarsitter@fyk.nl

opjaan kin oant 20 jannewaris

20 desimber Krystmiel

Hohoho, it jier 2017 komt al oan ‘e ein! Dat it wurdt de heechste tiid om ris mei –inoar om tafel foar in krystmiel en alle âlde kij út ‘e sleatten te heljen… of gewoan keuvelje oer it ôfrûne jier, dat mei ek fansels.
Wy wolle jimme dêrom allegearre fan herte útnûgje om in hapke en drankje te dwaan yn Ljouwert.
It krystmiel sil heve op woansdei 20 desimber yn Ljouwert om 19:00 jûns. Smûk thús oan de stampot en net yn in restaurant, want sokke opdofte itentsjes sille jim wol mear hawwe mei dy dagen!

“But wait, there’s more!”

Om even te genietsjen fan it kâlde winterwaar is der in aktiviteit om 17:00, foar âlde en nije FYKers, oanhing, freonen, famylje, of frjemden dy’t jim oppikt hawwe op ‘e dyk.  Nim wol foar dy aktiviteit goeie skuon mei.

Wolsto mei-ite en/of meidwaan oan de aktiviteit?
Jou dy dan op by foarsitter@fyk.nl

Kosten: +/- € 10,-

30 septimber-9 oktober: Minority Bustour “Crossing Rivers”

3 oktober! Jim hienen it grif al yn ‘e aginda nei alle subtile hints fan FYK:
3 oktober komt de Minority Bustour yn Fryslân!

Mar, wolsto de hiele bustoer dwaan troch hiel Europa? Dat is mooglik!
Dan kinsto fan 30 septimber oant en mei 9 oktober meireigzje nei allegearre minderheden troch hiel Europa, nammentlik:

30 septimber       Berlyn, Dútslân; YEN
1 oktober            Südschleswig, Dútslân; SDU
1 oktober            Nordschleswig, Dútslân; DJN & JungeSPitzen
2 oktober            Noardfryslân, Dútslân ; Rökefloose
3 oktober           Fryslân, Nederlân; FYK
4 oktober            Eupen, België; RDJ
5 oktober            Strasbourg, Frankryk ; EYF
5 oktober            Zürich, Switserlân ; GiuRu
6 oktober            Súdtirol, Italië; SJR
7 oktober            Praach, Tsjechië ; Dútske minderheid yn Tsjechië
8 oktober            Bautzen, Dútslân;  Pawk
8 oktober            Berlyn, Dútslân; YEN
9 oktober            ôfreis

Tinkst datst dan lekker op ‘e kont sitte kinst as in wiere Paulusma Bustoer? Nope, want der moat fansels wurke wurde. Ynstee fan workshops binne der no wurkgroepen, mei elk harren eigen taken. Op dizze wize kin de bustoer mooglik makke wurde!

Der binne fjouwer wurkgroepen:

Groep 1:              de dokumintaasje fan de bustoer en persoanlike ferhalen
Groep 2:                 de presintaasjes op lokaasje
Groep 3:              de diskusjes en dialogen op lokaasje
Groep 4:              de teambuilding aktiviteiten, beide yntern en ekstern

Wolsto mei? Jou dy dan rap op! Der is nammentlik beheind plak foar Fryske kij!
Mear ynformaasje opfreegje of opjaan kin oant 30 augustus by foarsitter@fyk.nl

 

2 septimber: FYK you all-feest!

Om’t it YENbestjoer in wykein lang yn Mantgum in gearkomste hawwe sil, is it dé mooglikheid om it YENgefoel al wat op te heljen foardat in moanne letter de Bus alwer oankomt yn Fryslân (stiet de Minority Bustour al yn jim aginda? Op 3 oktober komt er del by ús!).

Dat op sneon 2 septimber binne jimme allegearre fan herte wolkom yn Mantgum om mei de YENbestjoersleden in “FYK you all”-feest te hawwen.
No hear ik jim (sels oer it ynternet) al tinken: Mantgum? Wat is dêr no wer te dwaan útsein kij telle?!?

It antwurd dêrop is:
A) Mantgum is sawisa in geweldich doarp
B) Der is Mantgumer merke, dat der is folop bier en muzyk.

Antwurd B joech de trochslach, want dan kinne we dy jûn dûnsje op muzyk fan band “Exposure”
Dat jim binne wolkom foar:

20:00 “get in the MOOd”-feest
22:00 band Exposure by Mantgumer merke (yntree € 12,50)

Mantgum is te berikken/ferlitten mei de fyts, auto en trein (de lêste trein nei Ljouwert is krekt foar middernacht).

Wolst delkomme? Jou it dan efkes troch nei foarsitter@fyk.nl

6-13 augustus: Diversity Festival Gdansk

Hoechst net mear fierder te sjen nei hotels, cruises, of kempings, want kinst gewoan mei it FYK nei Gdansk!
Fan 6-13 augustus is der it Diversity Festival yn Gdansk, organisearre troch de Kashuben:)

Op in diversity festival dochst in wike lang oan kulturele workshops mei en dit jier hast de opsjes:

  1. theatre,
  2. cartooning
  3. digital storytelling
  4. youth participation.

By alle workshops stean minderheden, minderheidstema’s en fansels lol foarop.

Wolst mear witte of wolst dy opjaan?
Mail dan nei foarsitter@fyk.nl
opjaan kinst oant en mei 11 july!

1 july: Zug der Liebe

op 1 july rint it YEN mei yn in parade troch Berlyn, de Zug der Liebe.
Do kinst ek meirinne en sa oandacht freegje foar minderheden en de Minority Safepack Iniative!
De FYK auto rydt op 30 juny fuort: wolsto ek ynstappe? Mail dan nei foarsitter@fyk.nl

Wolsto leaver thúsbliuwe? Op 30 juny sille der ek FYKers nei de boekpresintaasje “Tour de Frise” yn Grins
Dat sil begjinne om 20:00 yn Bernlef, Túnstrjitte 22.

FYKsûpke 12 maaie

12 maaie, 20:00 oere sil der in sûpke plakfine yn ‘e Neushoorn, Ljouwert. Wy sille net allinne buorrelje, mar ek ús breinen buorrelje litte foar goede ideeën oangeande de minority bustour 2017! Op 3 oktober sil der nammentlik in bus fol mindeheden yn Fryslân oanstekke. En om harren wat mear oan te bieden as in stik lân mei kij, moatte wy dochs wat betinke (en útfiere). Do bist dan ek tige wolkom op 12 maaie om dyn fyzje hearre te litten (en fansels ek om in drankje te dwaan).
Oant dan!

 

jiergearkomste mei aktiFYKteit

Op 18 maart is de jiergearkomste fan it FYK!
Om’t gearkomsten guontiden fiele as sitst fêst en kinst nea wer de romte ferlitte… hâlde wy de jiergearkomste mar sa tapaslik mooglik yn ‘e finzenis!
Wy sille earst in rûnlieding krije om dêrnei mei kofje en tee te set te gean mei de jiergearkomste.
Bisto derby? Opjaan foar de rûnlieding en/of de jiergearkomste kin by foarsitter@fyk.nl

Program:
13:45 sammelje by Blokhúspoarte, Ljouwert
14:00 Rûnlieding mei âld-sipier (kosten €5,-)
15:15 jiergearkomste yn ‘e direksjeseal/ kafee de Bak