Foarsitter: Ydwine Scarse

Myn namme is Ydwine Scarse. Ik kom út Mantgum, en wenje yn Grins, om’t ik dêr de Bachelor doch fan Minorities and Multilingualism (M&M).  Hjir hâld ik my dwaande mei minderheden, meartaligens en it Frysk.

Fan it FYK hie ik wol faak ris heard, mar om ien of oare reden (efterôf sjoen ivich sûnde) bin ik pas letter lid wurden fan it FYK.
Hawar, nei de earste aktiviteit (Newbee meeting yn Berlyn) wie ik al besmet mei it entûsjasme fan ‘e FYKers en YENnies.

Dit firus fan entûsjasme wol ik graach oerdrage nei oare en nije FYKers: foar my stiet it FYK foar kânsen. Kânsen minderheden op ‘e kaart te bringen en selsfertrouwen te krijen  foar sawol dysels as de minderheid. Kânsen om oare minsken te moetsjen. Kânsen om kulturiele kennis op te dwaan en it yn praktyk bringe. Kânsen om oan ‘e slach te
gean.

Sa is it FYK foar my (neist in soad wille en nije freonen) in geweldige kâns myn stúdzje yn praktyk te sjen. De saken dy’t ik yn ‘e hurde houtene kolleezjebankjes besprek kin ik yn it echt sjen, by de minsken sels, op ien oft oar plak dêr’tst oars nea fan heard hiest.

Dat sa, ik bin entûsjast oer it FYK … en no do!
Ik sjoch dy graach op de aktiFYKteiten yn ‘e takomst!

Skriuwer: Nina Peckelsen

Myn namme is Nina Peckelsen en ik wenje yn it lytse doarpke Ketlik.
Ik wenje hjir al myn hiele libben (mei in healjier yn Amsterdam as útsûndering), en bin mei myn âlders, twa broerkes en sus fiif kear ferhuze binnen dit lytse plakje mei oars allinich bosk, weilân en in pear hûzen.

Ik bin ôfstudearre fan de keunstakademy yn Swolle, dêr’t ik de oplieding ta yllustrator
folge haw. Ik wurkje fanút hûs, mei hjir en dêr opdrachten en klussen.
Mei myn kreative êftergrûn bin ik no dwaande om de YEN ek wat mear op it kulturele paad te krijen.

Dy belangstelling foar kultuer en ek taal sit der al fan jongs ôf yn: myn âlden binne in kombinaasje tusken in Fryske mem en in Dútske heit. Taal en (lytse) kultuerferskillen hawwe dus altyd al in grutte rol spile yn ús hûs, dêr’t deistich trije talen sprutsen wurde.

Yn dy sin is it moai dat ús foarsitter, Ydwine, út inselde thússituaasje komt mei har Ingelske heit.

Ik bin der wis fan dat wy, mei ús ynternasjonale eftergrûn en leafde foar de Fryske taal en
kultuer, in ferskil meitsje kinne binnen it FYK.

Aktifykteitenkoördinator: Wessel Peckelsen

Wessel Peckelsen, dat bin ik. Nei in lytse seis moanne lid fan it FYK west te hawwen, bin ek ik kroand ta bestjoerslid. Dat is fansels in eare om te dwaan. Om wat oer mysels te fertellen: ik studearje European Studies oan de NHL. Binnen dy stúdzje lear ik aardich wat oer de Europeeske Uny en it belied dat dêrby om ’e hoeke komt op Europeesk nivo.  Fierder mei ik mysels graach ferdjipje yn de kommunikaasje tusken de Europeeske kultueren. It feit dat it FYK by in Europeeske koepelorganisaasje oansletten is, sprekt my dan ek tige oan.

Nettsjinsteande dat minsken my faaks as Eurofyl omskriuwe soenen, sjoch ik sels ek yn dat der wol it ien en oar ferbettere wurde kin oan it hiele sirkus dat himsels de Europeeske Uny neamt. Dat hast eltsenien yn Europa werom krûpt op syn eigen molsheapke sjoch ik ek as in ûnderdiel fan it probleem. Ik tink dat hjir in perfekte rol leit foar it FYK en har Europeeske koepelorganisaasje, de YEN, om in bydrage te leverjen oan de oplossing fan dit probleem. Us doel moat neffens my wêze om minsken yn Europa fan harren molsheapke ôf te krijen en om harren iepen stelle te litten foar oare kultueren. Foar no wol ik der earst foar soargje dat it netwurk en de bekendheid fan it FYK fergrutte wurdt, sadat ek mear minsken it FYK fine kinne sille.

Ponghâlderij, lede-administraasje en oare saken: FYK-sekretariaat

Om it bestjoer sa min mooglik te belesten mei administrative rompslomp hawwe wy op de jiergearkomste 2016 foar in konstruksje keazen mei in ûndersteunend team fan twa minsken dy’t it measte rûtinewurk
op harren nimt. Hjirfan makket de ponghâlder offisjeel noch diel út fan it bestjoer, mar it ‘FYK-kantoar’ en it bestjoer hawwe ek elts harren eigen taken.
It sekretariaat bestiet út:

Maarten Bark en Arjen Dijkstra