| There are no translations available.
Bêste minsken, Okkerdeis moasten wy noch it berjocht it web op slingerje dat Anouk in ein breide hie oan har skriuwerskip. Mar: ..... It docht blyken dat it FYK sa'n wille en genot opsmyt, dat it in lyts risiko foar jo sûnens wurde kin. Jawol: in FERSLAVING! Alteast, dat moatte we opmeitsje út it feit dat Anouk harren op 'e nij oanmeld hat by it bestjoer foar de funksje fan ponghâlder (net hat blyken dien dat Anouk oare ferslavings har, dus it sit 'm echt yn it FYK)! Anouk is noch net offisjeel troch de leden ferkeazen as ponghâlder, mar we woene har earst dochs graach foarstelle as interim-ponghâlder. By dizze! Ynkoarten sille we it foarlizze oan 'e leden. Anouk, wolkom wer!!! |






Ofrûne 13 april waard in besundere Donald Duck útjûn: in Fryske Donald Duck!Dizze Fryske Donald Duck is ûnder oaren makke om it 60-jierig bestean fan it stripblêd te fieren. De 30.000 stiks dy't drukt wiene, binne fuort flein as in skeet yn 'e hurde wyn. Mar: gjin noed! It lêtste nijs is dat d'r besletten is om noch ris 10.000 eksemplaren te drukken. Fanôf 27 april 2012 (MOARN!!) binne se wer beskikber. Wês d'r wol op 'e tiid by, want de ferwachting is dat se as waarme broadsjes ferkocht wurde sille!