Minority Bustour 3 oktober 2017


Op 3 oktober 2017 komt der in busfol minderheden yn Fryslân.

Wat is de bustoer?

Op 3 oktober komt der in busfol YENy’s oan yn Ljouwert, yn harren Europeeske bustoer “Crossing Rivers”. It YEN komt op dy dei op besite by it FYK. Om se net 3 oeren neist “ús mem” del te setten yn ‘e rein, hawwe wy in alderbaldernuveraardichst program opset.

Jim binne fansels allegearre wolkom!

Wat sille we dan dwaan?

13:30 sille de YENy’s losbarste mei in aksje foar de MSPI
14:00 sil it YEN har presintearje
14:30 sil de kaffeïne byfold wurde mei in “cookie for a question”, dêr’t elk frij is om mei de YENy’s te fûstkjen, fragen te stellen en harren wat te fertellen.
15:00 stiet der in lyts kolleezje fan de stúdzje “Minorities and Multilingualism” op it program: wat hâldt in minderheid net yn??
16:00 in twadde “cookies for a question” mei kofje, tee… en koekjes!
16:30 de programbekendmakking fan LF2018 op it Gûverneursplein
18:30 iten yn ‘e Lachende Koe (€)
20:00 stedskuier troch Ljouwert (startpunt foar de Lachende Koe)
21:30 neisit yn ‘e Neushoorn

klik op it program om it grutter te meitsjen

Wannear bin ik wolkom?

Op elk ûnderdiel!
Mar wy freegje dy wol om dy op te jaan foar it iten en/of de stedskuier by foarsitter@fyk.nl

Kostet it ek wat?

Nope, allinne foar it iten by de Lachende Koe silst wat betelje moatte. De rest is fergees tagong!

 

 

 

———
On the 3rd of October 2017, a bus full of minorities will come by in Fryslân.
This bus is busy with a European roadtrip to meet several European minorities! On Tuesday, the YENies will visit FYK yn Fryslân.

click the program for a better view.

We welcome everyone who is interested! And better yet, there is no fee to participate, except for dinner.
We do ask you to sign up for dinner and/or the tour in the evening.
To sign up or ask questions, please send an e-mail to: foarsitter@fyk.nl